Henk de Jong net nei ONS Snits

08 nov 2012 - 12:08

Henk de Jong is benadere om trainer te wurden by ONS Boso Snits, mar beide partijen ha besletten net mei-inoar yn see te gean. Neffens sawol ONS as Henk de Jong is it gjin goed idee om de funksje as haadtrainer fan ONS te kombinearen mei De Jong syn funksje by Cambuur. Sneonshaadklasser ONS makket no in profyl fan de trainer dy't se ha wolle. Neffens foarsitter Harm de Wagt ha se noch gjin petearen hân mei oare trainers.

ONS Boso Snits moat op syk nei in nije trainer, omdat Jan Vlap oanjûn hat dat hy oan de ein fan dit seizoen ophâldt as trainer fan ONS Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)