Goudbus-saak foar rjochter

Goudbus dy't oerfallen is
De fertochten fan de oerfal op in goudbus yn Ljouwert yn juny fan dit jier, moatte yn jannewaris foar de rjochter komme. Dat die tongersdeitemoarn bliken op in pro-forma sitting fan ien fan de fertochten.
De rjochtbank wol it leafst de saken fan alle trije fertochten tagelyk behannelje. Ien fan de manlju wurdt op it stuit noch ûndersocht yn it Pieter Baan Sintrum. Hjirtroch kin de saak pas begjin 2013 foarkomme.