Suder-Ie wachtet op subsydzje

08 nov 2012 - 11:39
  • Suder-Ie wachtet op subsydzje
  • Wethâlder Pytsje de Graaf

De gemeente Dongeradiel hat noch gjin oanfraach yntsjinne by it Waadfûns foar it Suder-Ie projekt. Reden dêrfan is dat de oanfraach noch justjes oanpast wurde moat. De gemeente moat rekken hâlde mei oare plannen yn buorgemeenten, bygelyks it 'Rondje Groningen' yn Grinslân.
Heal septimber kundige Dongeradiel it Suder-Ie projekt oan as in grutte ekonomyske ympuls foar Noardeast Fryslân.

De gemeente wol de Suder-Ie rjochting Eazumasyl útdjipje en de brêgen ferheegje. Doel is dat der mear wettersporters nei it gebiet komme.

De totale kosten binne 43 miljoen euro. Fan it Waadfûns freget de gemeente 20 miljoen euro subsydzje, de rest fan it jild moat komme fan oare partners as de provinsje en de NAM. It Waadfûns hat alle jierren 30 miljoen euro beskikber foar ynvestearrings yn natoer, lânskip en ekonomy yn it Waadgebiet.

Trefwurden: 
Waadfûns Suder Ie
(advertinsje)