Accolade wol dochs heie

Bewenners fan de Sieger van der Laanstrjitte op It Hearrenfean hawwe gjin fertrouwen mear yn wenningboukorporaasje Accolade. Accolade hat yn in oerlis mei de bewenners woansdei sein dat der definityf heid wurde sil by de bou fan de nije huzen yn de strjitte.
De bewenners fan de besteande huzen binne hiel benaud foar skuorren yn de muorren. Sy sizze dat earder tasein is dat Accolade boarje soe, yn stee fan heie.
De bewenners sizze dat Accolade hiel min kommunisearret en dat der hieltyd in oare kontaktpersoan oanwiisd wurdt. Nei oerlis yn de buert wurdt besjoen oft der mooglike juridyske stappen nommen wurde tsjin de heiplannen fan Accolade.