Duorsume enerzjy: 1 miljard

Der moat yn Fryslân oant 2020 goed 1 miljard euro ynvestearre wurde yn wynenerzjy. Bart dat net dan sil de provinsjale ambysje op it mêd fan duorsume enerzjy net helle wurde. Dat docht bliken út in ûndersyksrapport dat skreaun is yn opdracht fan it Platfoarm Duorsum Fryslân. De provinsje wol dat yn 2020 14 persint fan de enerzjy komt út skjinne boarnen sa as wyn, mar ek biogas en sinnepanielen. Op dit stuit is dat noch mar 4 persint.