Moasje selsstannigens ynlutsen

Fryslân moat meitinke wolle yn de diskusje oer lânsdielen en net inkeld de hakken yn it sân sette. Dat fynt D66-Fryslân. As Fryslân no al seit neat te wollen, dan komt de ûnderhannelingsposysje yn gefaar. De oare partijen yn de steaten woene in moasje yntsjinje dat de provinsje hoe dan ek selstannich bliuwe moat.
Dy moasje soe dan mei unanime stipe trochstjoerd wurde moatte nei de Twadde Keamer. No't dy unanime stipe der net is, is de moasje ynlutsen. De FNP is dêr teloarsteld oer.