Wapen fan moard Mearum fûn

© Omrop Fryslân
De plysje hat it wapen fûn wêrmei't fan 't simmer yn it Grinslanner Mearum Jan Elzinga deasketten is. It wapen lei yn de buert fan Swolle yn it wetter. Foar de moard binne trije minsken oanhâlden. Fuort nei de moard, op 10 july, is de skutter flecht yn in auto dy't earder yn it Geldere Wezep stellen wie. Nei alle gedachten binne de kentekenplaten stellen fan in auto dy't op in carpoolplak yn Fryske Peallen parkeard stie. Neffens de plysje is dêr noait oanjefte fan dien. Oer it motyf foar de moard is noch altyd neat bekend.