Beswier Schuttevaer ôfwiisd

07 nov 2012 - 16:02

It ryk hat de Snitsermar oanwiisd as Europeesk beskerme natuergebiet foar fûgels. Dêr hie De Schuttevaer beswier tsjin makke, mar de Steatsried hat dat ôfwiisd. De skippersferiening wie benaud dat de frachtfeart oer de mar yn gefaar komme soe, mar jout ta dat gefaar net mear spilet. Wol ha se noch soargen oer mooglike beheinings foar passazjiersskippen. Boppedat wol de skippersferiening dat der romte bliuwt foar de binnenfeart om mei gruttere skippen as no te farren. Oft der ek beheinings komme, hinget ôf fan wat it ryk oan natuer hâlde wol.

Trefwurden: 
Snitsermar fûgel Schuttevaer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)