Les yn snoeien fruitbeammen

07 nov 2012 - 15:51

De kwaliteit fan fruitbeammen yn Fryslân stiet ûnder druk om't der net goed op past wurdt. Lânskipsbehear Fryslân wol der wat tsjin dwaan. Der komme snoeikursussen sadat de fruitbeammen better ûnderhâlden wurde. Ut eardere kursussen is in groep frijwilligers ûntstien dy't fruitbeammen troch hiel Fryslân snoeit: de Hoogstambrigade. Sa'n 60 frijwilligers geane der yn 'e hjerst en winter op út om fruitbeammen ûnder hannen te nimmen. Der is flink wat belangstelling foar de kursus. Dêrom wurde fan it winter noch twa kursussen organisearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)