Blommesaak werom op âlde stee

Nei seis jier is de blommesaak Kariandra yn Jobbegea werom op it âlde plak oan de PW Janssenwei. Begjin 2007 baarnde de saak folslein ôf en moasten eigeners Karin en Jannie Grupstra nei in tydlik plak oan de oare kant fan de strjitte. It ôfbaarnde gebou is sloopt. De nijbou is no twa kear sa grut. Neist blommen en planten is der ek plak foar de ferkeap fan brokante, skilderijen en âld ambachtlik snobbersguod. De toanbank yn de winkel is it iennige dat net ferlern gien is mei de brân.