Gjin ûntslaggen ING Ljouwert

It ING-kantoar yn Ljouwert
By de ING yn Ljouwert sille gjin ûntslaggen falle, dat seit in wurdfierder fan de bank. Woansdei makke ING bekend dat 1000 minsken dien krije. By fersekerder Nationale-Nederlanden, in ûnderdiel fan ING, ferlieze 1350 minsken har wurk.
Dy lêste ûntslaggen falle yn Nederlân, by de ING sels giet it allinne om ûntslaggen by de bûtelânske fêstigings, sa seit de wurdfierder.
ING wol mei de ûntslaggen miljoenen besparje, dy besparring moat oer twa jier in feit wêze.