Gjin nije MRSA-besmettings

07 nov 2012 - 11:44

It tal pasjinsten mei de besmetlike MRSA-baktearje yn de Tjongerskâns wreidet him oant no ta net út. Dat docht bliken út nije testútslaggen. Op it stuit lizze der op de intensive care en de hertbewaking twa besmette pasjinten yn karantêne. De beide ôfdielings bliuwe foarearst ticht.

Snein waard by in pasjint in MRSA-besmetting fêststeld. Dêrnei binne der tests hâlden ûnder goed 145 oare pasjinten en personiel fan it sikehûs. De útslaggen fan de ûndersiken wurde de kommende dagen bekend.

Trefwurden: 
sikehûs Tsjongerskâns MRSA
(advertinsje)