Thialf: legere bydrage KNSB

Reedrydbûn KNSB is tige te sprekken oer it nije projekt foar Thialf. Yn dit nije plan fan 106 miljoen euro sitte twa banen; in topsportbaan en in rekreaasjebaan. De KNSB stiet achter dit plan en wol him ek ynspanne dat yn 'e takomst in soad wichtige wedstriden nei It Hearrenfean helle wurde.
It ambisjeuze nije plan betsjut lykwols net dat de KNSB ek finansjeel mear bydrage kin. Krekt oarsom, de KNSB soe op termyn de bydrage oan Thialf krekt wat ferleegje wolle, seit KNSB-direkteur Paul Sanders.
Sanders fersmyt it ferwyt fan guon steateleden dat it reedridersbûn guon stêden tsjin inoar útspile hawwe soe. De KNSB is altyd bliid mei nije iisbanen, seit Sanders, en hat allinnich mar easken formulearre foar in nij topsportsintrum. No't it nije projektplan foar Thialf oan dy easken foldocht, stiet it KNSB dêr fjouwerkant achter.