Gameship fallyt ferklearre

It gebou en logo fan Gameship yn Ljouwert © Google Streetview / Twitter Gameship
De rjochtbank hat Gameship yn Ljouwert fallyt ferklearre. It fallisemint is ferline wike troch it bedriuw sels oanfrege. By Gameship wurde kompjûterspultsjes en animaasjes ûntwikkele. Dat wurdt dien yn ien fan de modernste studio's fan Europa.
De provinsje en de gemeente Ljouwert hawwe der ûnder oare jild yn stutsen.