Sieraden stellen nei ynbraak

Ynbraak © Omrop Fryslân
By in ynbraak yn Wolvegea binne tiisdei sieraden stellen. De bewenners fan it hûs oan de Dahliastrjitte seagen dat it rút oan de achterkant stikken makke wie. Yn Harns is tiisdeitejûn ynbrutsen yn in hûs oan de Goudplevier. Ek dêr is in rút fernield om deryn te kommen en sieraden mei te nimmen. De plysje ûndersiket beide ynbraken.
De plysje ûndersiket ek in ynbraak yn in hûs oan de Simke Kloostermanstrjitte yn Gytsjerk. Dêr is tiisdei ynbrutsen. Dêrby binne sieraden en jild meinaam. De dief bruts in doar iepen om yn te brekken.