Plakette foar Waadgemeenten

07 nov 2012 - 10:16

Boargemaster Van den Berg fan Ferwerderadiel krijt freed in plakette oanbean. It is in symboal foar de erkenning fan de Waadsee as wrâlderfgoed. Kommissaris Jorritsma biedt de plakette oan. Dy krijt as earste in plakje yn Ferwerderadiel en wurdt dêrnei trochjûn oan oare Waadgemeenten. Uteinlik mei it publyk bepale wêr't de plakette in definityf plak krijt. De skoalbern yn Ferwerderadiel krije freed in lespakket oer it Waadgebiet. Letter krije ek de skoalbern yn de oare gemeenten dat.

Trefwurden: 
Waadsee Ferwerderadiel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)