Trochstart foar Boerma

Boerma yn Surhústerfean © Google Streetview
Ynstallaasjebedriuw Boerma fan Surhústerfean makket in trochstart. It bedriuw is ferline wike fallyt ferklearre. It wurdt no oernaam troch Ewald BV yn Ljouwert. Dy woe al langer útwreidzje. De âld-eigener fan Boerma bliuwt foarearst belutsen by it bedriuw. Hoe't it mei de wurknimmers komt, is noch net bekend. It ynstallaasjebedriuw bliuwt aktyf ûnder de âlde namme.