Eenhoorn baas by Waddengebied

07 nov 2012 - 09:49

Bas Eenhoorn wurdt foarsitter fan it Regie College Waddengebied. Dat is in oerlisorgaan fan de provinsjes, gemeenten en wetterskippen dy't te krijen hawwe mei it Waad. Der sitte ek fertsjintwurdigers fan it ryk by. Dy beprate mei elkoar de ûntwikkelingen yn it gebiet en kin dêrby advys krije fan it bedriuwslibben en natuerorganisaasjes.

Foarhinne wie de foarsitter ien fan de belutsen kommissarissen fan de keninginne. Bas Eenhoorn is boargemaster fan Alphen aan den Rijn, earder wie er dat op Skiermûntseach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)