Friezen wolle Fryslân hâlde

Kaart fan Fryslân
Hast tachtich persint fan de Friezen is tsjin op in provinsjale weryndieling. De wjerstân tsjin provinsjale weryndieling is yn Fryslân it grutst fan hiel Nederlân. Dat docht bliken út in enkête fan it aktualiteiteprogramma EénVandaag. 78 persint fan de Friezen seit dat Fryslân te unyk is om op te gean yn in grutter lânsdiel.
Grinzers en Drinten hawwe folle minder beswier tsjin in weryndieling fan harren provinsje, mar wolle perfoarst net mei Fryslân yn ien lânsdiel.