5 nominaasjes Fryske poppriis

De Hûnekop © Omrop Fryslân
Elske de Wall, Iris Kroes, de Hûnekop, Mr. Wallace en platesaak King Kong Records binne nominearre foar de Frysk poppriis. Op 8 desimber wurdt de priis útrikt. King Kong is in wichtige skeakel yn it Ljouwerter popklimaat fynt it panel fan popkenners dat de kandidaten foardraacht. Skaband Mr. Wallace feroveret Fryslân yn hurd tempo nei it winnen fan de Kleine Prijs van Fryslân yn 2011, de Hûnekop is in fêste wearde op de Fryske poadia.
Iris Kroes is nominearre fanwege har knappe oerwinning yn The Voice of Holland, Elske de Wall omdat se lanlik ít gesicht is fan de Fryske popmuzyk.