Plan foar brêgen Boarnsterhim

06 nov 2012 - 13:53

Op sân brêgen yn Boarnsterhim wurdt it swiere ferkear net of beheind talitten as tydlike needmaatregel. It giet om de brêgen by it Brêgepaad en de Fûke yn Grou, de Meinesleatbrêge en de brêge yn de UT-wei yn Akkrum, de brêge oer de Sylroede yn Nes en dy yn de Kooistrawei yn Wergea. Ek foar de brêge yn Jirnsum komt in beheining. De needmaatregels wurde noch bepraat mei ûndernimmers, sa lit de gemeente witte.

Alle 110 brêgen yn Boarnsterhim binne koartlyn ynspektearre. De brêgen dêr't dizze needmaatregels jilde, wurde als earste opknapt.

Oare brêgen dy't sa gau mooglik oanpakt wurde, binne de brêge yn Eagum en de fyts- en fuotgongersbrêge oer de Rjochte Grou. Dy lêste brêge is no hielendal net te brûken en moat yn juni of juli 2013 klear wêze.

Trefwurden: 
Grou Jirnsum brêgen Akkrum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)