Pasjinten H'fean trochferwiisd

06 nov 2012 - 11:59

Sikehûs de Tjongerskâns fan It Hearrenfean hat sa'n fiif pasjinten nei oare sikehuzen trochferwiisd yn ferbân mei de MRSA-baktearje. By twa pasjinten op de yntensive care en hertbewaking is dy baktearje ûntdutsen. Oare pasjinten en de dokters fan dy ôfdielings binne net besmet. Sa'n hûndert persoanielsleden dy't yn kontakt west ha mei de besmette pasjinten, binne ek ûndersocht. De útslach wurdt oan de ein fan 'e wike ferwachte. Oant dy tiid bliuwe de ôfdielings sluten.

It sikehús hat in spesjaal telefoannûmer iepensteld foar minsken dy't fragen hawwe oer de besmetting. Op de webside fan it sikehús stiet in soad ynformaasje en ek it telefoannûmer dat tiisdei belle wurde kin.

Trefwurden: 
Tsjongerskâns MRSA
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)