Soad smokers binne opholden

De helte fan alle smokers dy't ferline jier by de GGD Fryslân in kursus folgen om fan it smoken ôf te kommen, seit fan de ferslaving ôf te wêzen. Dêrmei skoare Fryske smokers heger as it lanlik gemiddelde fan tweintich persint. De Fryske GGD hat yn 2011 oan sa'n twahûndert minsken in standert kursus jûn en dy sels útwreide mei foarljochting oer sûn iten en bewegen. Mooglik is dat de ferklearring dat relatyf in soad smokers net mear paffe.
Op dit stuit is der net folle animo mear foar de kursus, om't dy net of noch mar foar in part betelle wurdt troch soarchfersekerders.