Waadfûnsjild nei bunkers

06 nov 2012 - 09:58
  • Joop de Jong fan de Stifting Waddencentra

It Waadfûns hat oan trije projekten subsydzje jûn. Meielkoar giet it om 14 miljoen euro. It projekt 'Waadgebiet yn de oarloch' krijt jild om fjouwer bunkerkompleksen op de Fryske Waadeilannen tagonklik te meitsjen foar it publyk. Musea, kultuerhistoaryske ferienings en gemeenten wolle yn dit projekt de Atlantikwall, de ferdigeningsliny út de Twadde Wrâldoarloch, wer sichtber en tagonklik meitsje. Fierder giet der jild nei in alternatyf foar de tradisjonele dykfersterking fan de Prins Hendrikdyk op Texel.

Ek de Texelse feartsjinst TESO krijt jild, foar in systeem wêrby't de motoaren fan de fearboaten minder lang hoege te draaien wannear't se wachtsje op de folgjende ôffeart.

Trefwurden: 
bunkers Waadfûns projekten
(advertinsje)