Frisistyk yn Grins rêden

06 nov 2012 - 09:51

De oplieding Frisistyk oan de universiteit fan Grins is definityf feilichsteld. Dat hat (yntusken) âld-steatssekretaris Halbe Zijlstra fan ûnderwiis besletten. De stúdzje is in fuortsetting fan de oplieding Fryske taal en kultuer, dy't fanwege te min studinten yn syn bestean bedrige waard. Heechlearaar Goffe Jensma hat in nije bachelorstúdzje ûnwurpen. Dat moast omdat it Frysk nei in gearfoeging fan in tal moderne talestúdzjes skrast drige te wurden.

It ryk betellet 120.000 euro it jier, de RUG jout itselde, en de University Campus Fryslân betellet de rest.

Trefwurden: 
Grins Frysk RUG Frisistyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)