Prof foar 'Staten en stinzen'

05 nov 2012 - 22:40

De Stichting Staten en Stinzen moat profesjoneler wurde. Oerheden, ynstellings en partikulieren moatte mei jild op de proppen komme foar in jurist yn fêste tsjinst fan de stichting, sadat de belangen fan de eigners fan 40 Fryske staten, stinzen en poarten goed behertige wurde kinne.

It wurk wurdt no noch troch frijwilligers dien, mar de matearje fan bestimmingsplannen, fergunnings en it binnenheljen fan subsydzjes is sa yngewikkeld dat der in saakkundige foar nedich is om de eigners te helpen.

Bygelyks as se ferbouwe of restaurearje wolle. As dat net bart dan sil dat gefolgen hawwe foar histoarysk weardefolle tunen en gebouwen yn Fryslân. Dat sei foarsitter Bilker moandeitejûn by de ôfsluting fan it nasjonale 'Jaar van de historische buitenplaatsen'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)