Earste ferlies Jong It Fean

05 nov 2012 - 21:03

Jong Hearrenfean hat de earste wedstriid fan it seizoen ferlern. Jong Feyenoord/Excelsior wie mei 2-1 te sterk. Op it keunstgers fan stadion Woudestein stie de thúsploech nei in goed kertier al op in 2-0 foarsprong troch doelpunten fan Harmeet Singh en Anass Achahbar. Doe waard de ploech fan trainer Jan de Jonge wekker. Arsenio Valpoort makke noch foar it skoft de 2-1. Yn de twadde helte krige in folle better Jong Hearrenfean tal fan kânsen, mei hiele grutte foar Valpoort, Hakim Ziyech en Jens Streutker. Goals smiet dat net op.

Net allinne koprinner Jong Hearrenfean ferlear, dat diene ek de oare beide lieders Jong PSV en Jong Ajax. Jong FC Utrecht is no de nije nûmer ien mei 7 punten út 3 wedstriden. Jong Hearrenfean folget mei fjouwer ploegen op ien punt.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)