Leukste kapsalon sit yn Burgum

05 nov 2012 - 20:30

Kapsalon Style & Beauty fan Burgum is moandei yn Utrecht útroppen ta 'leukste' kapsalon fan Nederlân. Earder wie de kapperssaak al útroppen ta leukste fan Fryslân. Moandei moast de kapsalon him presintearje foar in faksjuery dy't bestie út minsken fan ûnder oare it fakblêd De Kapper en Wie Wat Haar. Uteinlik waarden de Burgumers útroppen ta lanlike winner.

De winnende kapsalon yn Burgum bestiet sûnt 2006 en sit op it yndustryterrein fan Burgum.

Trefwurden: 
kapsalon Style&Beauty
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)