Wer MRSA yn Tsjongerskâns

Tjongerskâns
Der is in twadde MRSA-besmettingsgefal yn de Tsjongerskâns fêststeld. Moandei waard bekend dat de MRSA-baktearje konstatearre is by in pasjint. De intensive care en de hertbewaking moasten dêrom sluten wurde. Fjouwer oare pasjinten waarden test op de baktearje en ien fan harren is ek besmet. It is noch net bekend oft it om deselde soarte MRSA giet.
De dokters fan de ôfdieling binne net besmet rekke. De beide ôfdielings bliuwe foARearst noch ticht.
It sikehús hat in spesjaal telefoannûmer iepensteld foar minsken dy't fragen hawwe oer de besmetting en ek op de webside stiet in soad ynformaasje oer de MRSA-besmetting. It telefoannûmer 0513 – 68 58 00 is tiisdei te berikken tusken 8.30 en 19.30 oere.