Mear opjeften reedrydles

05 nov 2012 - 12:55

De iishal Ljouwert hat in rekôr brutsen mei it tal ynskriuwings foar reedrydlessen. Foar de earste lesperioade hawwe har 700 dielnimmers ynskreaun, foar in twadde perioade al 450. Fan alle dielnimmers hat de helte noch nea earder lessen folge yn de iishal, docht bliken út gegevens.

Neffens direkteur Van der Kooi hat it grut tal ynskriuwings alles te krijen mei it froastwaar fan begjin dit jier. Guon ynskriuwers wolle better taret wêze op in nije froastperioade.

Ek by de reedrydskoalle fan Thialf leit it tal ynskriuwings al justjes heger as ferline jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)