'Grutte gemeente net djoerder'

05 nov 2012 - 12:52

Grutte fúzjegemeenten binne better by steat om besunigings fan it ryk op te heinen sûnder fuortendaliks de lêsten foar de boarger te ferheegjen. Dat seit boargemaster Apotheker fan fúzjegemeente Súdwest-Fryslân. Apotheker neamt it ûndersyk fan de Ryksuniversiteit Grins nei de útjeften fan fúzjegemeenten 'te iensidich'.

Neffens dat ûndersyk jouwe fúzjegemeenten yn plak fan minder mear jild út as de lytsere âlde gemeenten. Neffens Apotheker komt dat omdat grutte gemeenten better by steat binne om jild los te krijen fan oare partijen.

Apotheker pleitet derfoar dat by it fergelykjen fan de húshâldboekjes fan gemeenten yn it foarste plak sjoen wurdt nei de gemeentlike lêsten. Ek moat sjoen wurde nei de taken dy't de gemeente wol of net útfiert. Gruttere gemeenten pakke gauris mear saken op as lytsere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)