Nij Passend Underwiis Sintrum

Mei de ûntbleating fan it bouboerd is moandei offisjeel de bou fan in nij Passend ûnderwiis Ekspertize Sintrum op It Hearrenfean losgien. Yn it sintrum krije twa skoallen dy't har rjochtsje op it spesjaal ûnderwiis in plakje. Sa kinne se mear as foarhinne gearwurkje en bepaalde eksperts meielkoar diele. Op de skoalle komme goed 170 bern dy't allegear ekstra oandacht nedich hawwe. De bou fan it nije sintrum kostet goed 4,5 miljoen euro. De earste lessen sille yn de hjerst fan takom jier jûn wurde.