Sinteklaasfeest Ferwert ôfsein

05 nov 2012 - 11:56

It Sinteklaasfeest dat ynkoarten yn sporthal de Heechfinne yn Ferwert hâlden wurde soe giet net troch. Dat hat de gemeente Ferwerderadiel befêstige. It evenemint soe op 24 novimber organissearre wurde troch it bedriuw Vedon, ûnder lieding fan Dokkumer Wim Beintema. Yn Ferwert hongen posters om de bern waarm te meitsjen foar it feest dêr't ferskate artysten optrede soene.

De gemeente lit witte dat wol in fergunning oanfrege wie mar dat dy net fierder yn behanneling naam is om't Vedon gjin oanfoljende ynformaasje oer it feest ynlevere hat.

Se ha de opsje om de sporthal te ferhieren dêrom falle litten. Earder al waarden twa eveneminten yn Dokkum skrast fanwege bedrigings by de organisator. De webside fan Vedon, sa falt te lezen, is om administrative redenen út de loft.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)