Dei fan de BHV

05 nov 2012 - 10:24

In tal Fryske bedriuwen en gemeenten jout moandei ekstra omtinken oan syn bedriuwshelpferlieners. Dat dogge se yn it ramt fan de Dei fan de BHV. Doel fan de dei is mear oandacht te jaan oan de ynset, rol en funksje fan BHV'ers. Suvelkonsern FrieslandCampina organisearret moandeitemoarn yn it fabryk yn Ljouwert in spesjaal sympoasium. De hast 90 helpers wurde troch it bedriuw en de brânwacht betanke foar har wurk. Dêrneist wurde in tal eardere helpaksjes evaluearre om der fan te learen.

Ek bedriuwen as Caparis, KPN yn Ljouwert en Douwe Egberts dogge mei oan de lanlike dei fan de BHV.

Trefwurden: 
BHV
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)