Politike krisis Harns hast oer

Harns is ticht by in oplossing foar de politike krisis, dy yn july ûntstie nei it ploffen fan de koälysje. Harlinger Belang, GrienLinks, D66, Frisse Wind en de lijst Soolsma koenen net mear mei-inoar troch ien doar en setten in punt achter de gearwurking. Doe moast it kolleezje by elk foarstel ôfwachtsje of der in mearderheid foar wie. Der wie ek gjin kolleezje- of riedsprogram mear.
Oan dy situaasje komt tongersdei mooglik in ein. Dan wurdt der praat oer in nij program en in nije koälysje.
Frisse Wind, de groep Soolsma en de SP stean net achter it akkoart.