Soargen by wenningkorporaasjes

05 nov 2012 - 07:39

Wenningkorporaasjes yn Fryslân kinne de kommende jierren gjin nije plannen mear ûntwikkelje. De hierhuzen kinne ûnderhâlden wurde, mar dan is it jild op. Dat seit direkteur Rein Hagenaars fan Wonen Noordwest Fryslân. De ynkomsten fan de wenningkorporaasjes rinne de kommende jierren bot werom troch de plannen fan it nije regear.

Hagenaars seit dat de wenningkorporaasjes de ôfrûne jierren flink ynvestearre hawwe yn leefberens, mar dat it noch mar de fraach is oft dêr noch jild foar is.

Trefwurden: 
wenningkorporaasjes regear
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)