MRSA-baktearje Tjongerskâns

05 nov 2012 - 06:36

Sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean hat de Intensive Care en de hertbewaking sletten omdat in pasjint besmet is mei de MRSA-baktearje. Der is in ûndersyk ynsteld ûnder meiwurkers en pasjinten, om út te finen mei wa't de besmette pasjint yn kontakt west hat. As fierdere fersprieding fan de MRSA-baktearje útsletten is, kinne de Intensive Care en de hertbewaking wer iepen.

De sikehuzen yn Snits, Drachten en Ljouwert fange nije pasjinten fan de beide ôfdielingen op. Yn it uterste gefal wurde operaasjes ôfsein.

Trefwurden: 
sikehûs Tsjongerskâns MRSA
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)