Follybalsters Snits ûntsnappe

© aw.foto.nl
De follybalfroulju fan Snits hiene snein tsjin Dynamo Apeldoorn de hannen fol. Yn de Snitser sporthal gong de earste set mei 25-22 nei Dynamo, de nûmer foarlêst yn de Dela earedivyzje. Yn de twadde set luts de thúsploech krekt oan it langste ein. Nei in 20-16 efterstân waard it 28-26 foar Snits. Yn de tredde en fjirde set wie it ferset fan Dynamo brutsen. De froulju fan coach Petra Groenland wûnen beide sets mei 25-15. Snits bliuwt mei tolve punten út fiif wedstriden twadde yn de stân op twa punten fan Sliedrecht Sport.