Gemeentefúzjes kostje jild

04 nov 2012 - 17:25

Gemeentefúzjes smite gjin jild op. Nei de fúzje jouwe nije gemeenten krekt mear jild út. Dat meldt de NOS op basis fan ûndersyk fan 'e Ryksuniversiteit Grins. It nije kabinet wol dat gemeenten byinoar stappe sadat se minimaal 100.000 ynwenners hawwe. De ûndersikers hawwe 197 fúzjegemeenten besjoen dy't yn 'e perioade 2001-2012 opgiene yn 75 nije gemeenten.

Yn Fryslân binne al in tal gemeenten fuseard ta ien nije grutte gemeente. Dêrby wie effisjinter wurkje en kosten besparje hieltyd ien fan 'e arguminten.

Dat de fúzjes jild kostje komt om't foar't de fúzjes trochfierd wurde, gemeenten in soad jild útjouwe oan oanpassings. Dêrnei wurdt it minder mei de útjeften, mar nei in pear jier komme se struktureel út op in heger nivo, sa seit professor Maarten Allers fan de Ryksuniversiteit Grins. Neffens him is it in grut misferstân om te tinken dat je in soad besunigje kinne troch gemeentes en provinsjes te fusearjen. As je besunigje wolle, kinne je fúzjes fan gemeentes better op de lange baan skowe, want dy kostje altiten jild, sa seit Allers.

Boargemaster Hayo Apotheker fan fúsygemeente Súdwest-Fryslân fynt de benadering fan professor Allers 'te iensidich'.

Trefwurden: 
Fúzje gemeente
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)