SWS rekkenet ôf mei Gemert

04 nov 2012 - 16:39

Snits Wyt Swart Boso hat snein mei 3-0 wûn fan Gemert. Op eigen fjild sette Daniël Bennik de Snitsers nei in goed kertier op foarsprong. Mei de treffer makke er in ein oan de rige fan acht wedstriden wêryn't de Snitsers net wisten te skoaren.

Yn de twadde helte kopte Michael Grendel de Snitsers nei in komfortabele 2-0 foarsprong. Ferdigenjend hie de ploech fan Johan Groote de saken ek knap op oarder, wêrtroch't Gemert net gefaarlik waard. Mark Homme van der Veen tekene 20 minuten foar tiid mei in moaie frije traap foar de einstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)