Famke skopt plysjeman

04 nov 2012 - 14:06

Yn Ljouwert is sneontejûn in famke oanhâlden foar mishanneling fan in plysjeman. Dy hie der wat fan sein dat se yn 'e Doelestege tsjin de tichte rollûken fan in winkel oan stie te skoppen. It famke waard sa lilk dat se de plysjeman oant twa kear ta in skop joech.

It 18-jierrige famke is fuortendaliks nei it plysjeburo ta brocht. Dêr sit se fêst foar fierder ûndersyk. De plysjeman hat oanjefte dien fan mishanneling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)