De Jonge by Hearrenfean wei

Jan de Jonge © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Haad jeugdoplieding Jan de Jonge hâldt oan 'e ein fan it seizoen op by SC Hearrenfean. Dan rint syn kontrakt ôf. De Jonge is ek assistint fan trainer Marco van Basten. Hy giet fuort om't er wer as haadtrainer op it fjild stean wol. Earder wie er haadtrainer by De Graafschap en Emmen. De Jonge hat noch gjin nije klup en seit dat er mei it opstappen in risiko rint.
De Jonge wie earder spiler en trainer by SC Hearrenfean, en oant no ta assistint-haadtrainer.