Swiere mishanneling yn Burgum

04 nov 2012 - 12:34

Yn in hûs oan de Prins Bernhardstrjitte yn Burgum binne sneontejûn twa manlju út Burgum oanhâlden foar swiere mishanneling. Buertbewenners hearden dat der wat barde yn it hûs en warskôgen de plysje. Dy trof de beide manlju oan en it slachtoffer, in man fan 48 jier. Hy wie troch de twa skopt en slein.

De twa fertochten binne meinaam nei it plysjeburo en yn de sel set. It slachtoffer is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. Nei behanneling fan syn ferwûnings koe er wer nei hûs ta. De plysje ûndersiket de saak noch fierder.

Trefwurden: 
mishanneling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)