Lange rigen by bios troch Bond

Wachtrige by de bioskoop © Sybren Terpstra
Fryske bioskopen binne oerfallen troch de enoarme belangstelling foar de nijste James Bondfilm Skyfall. Yn it earste wykein nei de premjêre stiene der sneon al lange rigen foar de kassa. Gewoan wachtet it publyk neffens de eigner fan Tivoli en Cinema de drokte faak wat langer ôf.
Sy hat yn sân hasten ekstra personiel oproppen om de drokte oan te kinnen. Sneontejûn soarge in man dy't net goed wurden wie, foar wat oerlêst. Hy lei presys by de yngong dêr't alle besikers lâns moasten.
De man waard behannele troch ambulancepersoniel.