ONT is leukste feriening

04 nov 2012 - 11:11

Fuotbalklup ONT fan De Pein is sneon op sportsintrum Papendal útroppen ta provinsjaal winner fan de titel 'leukste sportferiening fan Nederlân'. Lanlik wûn de klup Only Friends út Amsterdam. De ferkiezing bestie út in stimming op ynternet en it oardiel fan in faksjuery.

Stimmers koene har klup beoardielje op de sfear, de ynset fan frijwilligers en de útstrieling. In lanlike supermerkketen wie in belangrike sponsor fan de ferkiezing. Tagelyk waard ek jild ophelle foar trije goeie doelen.

Trefwurden: 
De Pein ONT fuotbalklup
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)