ONS bekroant topwike mei winst

ONS Boso Snits hat sneon in ûnferjitlike sportwike bekroand mei in 2-0 oerwinning op Staphorst. Yn in stroefe wedstriid wie it lang wachtsjen op doelpunten. Marco van Leijen wie gefaarlik mei syn kopbal út in hoekskop. Foar rêst wist keeper Ale Geert de Vries in Staphorster treffer foar te kommen mei twa knappe rêdings.
Nei it skoft wienen de bêste kânsen opnij foar Staphorst. Gehiel tsjin de ferhâlding yn kaam ONS op foarsprong troch in doelpunt fan Jacob Noordmans. Ynfaller Klaas de Vries tekene krekt foar tiid foar de einstân.
Mei dizze oerwinning giet de ploech fan trainer Jan Vlap no allinnich oan kop yn de haadklasse C. Konkurrint SVZW ferspile djoere punten troch it 1-1 lykspul tsjin VVOG.