Warten bestiet 600 jier

03 nov 2012 - 16:39

Yn museum Warten is fan dit wykein ôf in foto-tentoanstelling te sjen oer de skiednis fan it doarp. Warten bestiet dit jier 600 jier. Dêrom wurde it hiele jier troch aktiviteiten organissearre.

Njonken de foto-eksposysje waard ek in histoaryske film fertoand. It 600-jierrich jubileum fan it doarp giet troch oan 'e ein fan 't jier ta. Op âldjiersdei is der in ôfslutend fjoerwurk.

Trefwurden: 
Warten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)