Keunstmoanne op It Amelân

© www.kunstmaandameland.com
Op it Amelân is sneontemiddei de Keunstmoanne offisjeel úteinset. Der dogge dit jier mear as santich keunstners mei, út Nederlân, Dútslân, Denemarken, Sweden en Finlân.
Hast alle foarmen fan keunst binne te sjen, lykas skilderijen, grafyk, foto's, tekstyl en film. Yn alle doarpen op it eilân is wol wat fan de keunst te sjen. It tema fan de keunstmoanne op it Amelan is dit jier 'it eilân'.