5-0 oerwinning foar Flyers

03 nov 2012 - 13:47

De iishockeyers fan de Friesland Flyers hawwe freed mei 5-0 wûn fan Geleen Eaters. Trevor Hunt iepene de skoare nei goed fiif minuten spyljen. Brent Janssen makke der 2-0 fan, wêrnei't Michael Nason yn de earste perioade foar de 3-0 tekene.

Yn de twadde en tredde perioade kamen de gasten út Limboarch der ek net oan te pas. Nei de 2e treffer fan Janssen tekene Gerald Pollastrone foar de einstân. Troch de oerwinning stiet de ploech fan trainer Chris Eimers mei 22 punten út 9 wedstriden op it 2e plak. Tilburch giet oan kop mei 1 punt mear.

Trefwurden: 
iishockey Friesland Flyers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)