Meihelpe op Natuerwurkdei

03 nov 2012 - 12:29

Tsientallen Friezen dogge sneon frijwilligerswurk op 'e lanlike Natuerwurkdei. Under oare yn Feankleaster wiene bern en frijwilligers dwaande mei it snoeien en plantsjen fan beammen.

De Natuerwurkdei wurdt dit jier foar de tolfde kear hâlden. Lânskipsbehear Fryslân regelet it yn Fryslân. Doel is om mear frijwilligers te lûken. Troch besunigings op natuer wurdt de rol fan frijwilligers hieltyd belangriker. Steateleden dogge ek mei om it belang fan natuerbehear dúdlik te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)